Haventaryf fearskippen Harns

29 aug 2012 - 14:33

Fan 1 jannewaris ôf krijt de gemeente Harns in spesjaal haventaryf foar fearskippen. Dat is ynsteld nei't dúdlik waard dat de EVT en Doeksen ferskillende tariven oplein krigen. De EVT moast betelje foar in seeskip, wylst Doeksen minder hoegde te beteljen om't se oanslein waarden foar binnenfeartskippen. Dat taryf wurdt no gelyk lutsen.

Fan jannewaris ôf jildt it spesjale feartaryf, dat gelyk leit mei dat fan de binnenfeartskippen. De EVT krijt it tefolle betelle jild werom. It giet om inkelde tûzenen euro's op jierbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)