'Djoerdere kaaikastjes goed'

29 aug 2012 - 12:54
  • kaaikastje
  • Kaaikastke

Thússoarchynstellings krije in soad fragen oer de kaaikastjes nei de trije ynbraken yn Harns, wêrby't de kastjes iepenbrutsen waarden en de kaai brûkt waard om yn te brekken. Dit wykein ferstoar in 88-jierrige frou yn Harns troch in hartstilstân, neidat der sa by har ynbrutsen wie.

By thûssoarch Hof en Hiem is alles ûnder kontrôle. De kastjes binne dêr nei eigen sizzen ynbraakproof. Se hawwe der in djoerder systeem. De kaaikastjes kostje dêr mear as 400 euro it stik. De bewenners krije dat fergees yn brûklien.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)