Gjin tips kaaikastje-ynbraak

It hûs fan de 88-jierrige frou dêr't de oerfal plakfûn © Omrop Fryslân
De útstjoering fan Opsporing Verzocht, wêryn't de ynbraak by de âlde frou yn Harns behannele waard, hat gjin inkelde tip opsmiten. De plysje neamt dat teloarstellend en hopet dat de werhelling fan it programma noch wat brûkbers opleverje sil.
In ynbrekker kaam it hûs oan de Anjelierstrjitte yn mei in kaai dy't út in thússoarchkastje stellen waard. De 88-jierrige frou kaam koart nei de ynbraak te ferstjerren, neffens de famylje as gefolch fan de skrik.