Mear ûntslaggen Friesland Bank

29 aug 2012 - 12:36

De fakbûnen binne benaud foar folle mear ûntslaggen by de Friesland Bank as earder bekend makke is. It giet om personiel dat nei de oername troch de Rabobank oerstallich wurdt troch dûbele funksjes. De Rabo-direksje soe neffens FNV-bestjoerder Annelies Ossel in getal fan 400 ûtslaggen net ûntkend ha.

De fakbûnen binne tiisdei út in oerlis mei de Rabo-direksje stapt om't se it net iens wurde oer in goede fertrekregeling. Nije wike tiisdei wurdt yn Ljouwert in ledegearkomste hâlden om personiel fan de Friesland Bank te informearjen.

By de Friesland Bank wurkje 900 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)