Provinsje stipet plattelân

29 aug 2012 - 10:58

De provinsje wol de kommende 5 jier trochgean mei it jaan fan subsydzje oan lytse projekten op it plattelân, sa as nije kuierpaden, oanlisstegers of it ûntwikkeljen fan streekprodukten. Dat stiet yn de nota plattelânsbelied, dy't woansdei presintearre is. De ôfrûne jierren krige de provinsje dêr noch miljoenen foar út Europa, mar de kâns is grut dat dêr mei dy subsydzje opholden wurdt.

Deputearre Johannes Kramer fynt de lytse projekten op it plattelân lykwols sa belangryk, dat er de provinsjale bydrage yn elk gefal trochsette wol.

Dêrtroch is wol in stik minder jild foar bygelyks kuierpaden en streekprodukten, as no.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)