Britsumer fan 88 bestellen

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Britsum is in man fan 88 tiisdei slachtoffer wurden fan stellerij. Der belle in ûnbekende man by de man oan, oan it Silan, dy't sei dat er fan de soarchfersekerder wie en dat er kaam om helpmiddels te testen. Omdat de man in rollator hie, liet er de fertochte deryn. Dy frege him op in gegeven stuit oft er de segelring fan de man sjen mocht en op wearde taksearje mocht. Doe't de man de ring ôfdien hie, rûn de fertochte der mei nei bûten en naaide er út.
De plysje freget tsjûgen oft se har melde wolle.