Twa kandidaten winkel Wurdum

Buersuper Wurdum © Google streetview
Twa ûndernimmers hawwe serieus belangstelling foar de Spar yn Wurdum. Talant runt de winkel no mei help fan eigen minsken. Mar op 1 febrewaris moat er ticht omdat der in nije kuolling komme moat en dat jild hat Talant net. Der is no in wurkgroep opset dy't de trochstart fan de winkel begeliede wol.
Foar it wykein krije alle doarpsbewenners in flyer troch de bus dêr't yn frege wurdt wat sy bydrage wolle yn it fuortbestean fan de winkel. It antwurd wurdt nije wike wer by har ophelle. De kandidaten dy't serieus belangstelling toand hawwe foar de winkel yn Wurdum komme sels net út it doarp.