Skylge pakt wenningneed oan

Skylge © Omrop Fryslân
De gemeente Skylge sil hurder optrede tsjin minsken mei in twadde hûs op it eilân. As de eigener net permanent op it eilân wennet, mar it hûs rekreatyf ferhiert of it sels as fekânsjehûske brûkt, dan driget de gemeente mei in twangsom.
Eilanners moatte no soms acht oant tsien jier wachtsje foardat se in hûs krije kinne. Op Skylge steane likernôch 2100 wenten. Yn mear as hûndert gefallen wennet de eigener der net permanint. De gemeente kin hurder optrede tsjin de twaddehûsbesitters, omdat se gegevens brûke meie út de WOZ, de gemeentlike basisadministraasje en de gegevens oer de toerismebelesting. Dêrtroch komme misstannen earder oan it ljocht.