Debat Fryske keamerleden

29 aug 2012 - 08:41

Fryske lanlike politisy wiene der woansdeitemoarn al betiid by om mei elkoar it debat oan te gean yn Hotel Restaurant De Daaldersplaats yn Snits. Fraach wie wat de dielnimmers Fryslân brochten en wat se noch yn petto hawwe. Inisjtatyfnimmer de Snekerinternetkrant fynt dat der te min omtinken is yn alle lanlike debatten foar de Fryske saken.

Jacques Monasch fan de PvdA, Magda Berndsen fan D66, Aukje de Vries fan de VVD en Sander de Rouwe fan it CDA fertelden fral oer wat se dien ha en it belang fan Friezen yn De Haach.

It debat begûn om 7.00 oere mei in moarnsbrochje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)