Froulju spylje finale keatsen

It WK keatsen hat woansdeitemoarn it Frysk keatsen foar manlju op it programma stean. Middeis keatse de froulju de finale Frysk keatsen. Bûnscoach Pieter Tienstra ferwachtet dat de froulju dat winne sille.
Woansdeitemiddei binne ek de kwartfinales fan it muorrekeatsen. Nederlân moat dan tsjin Puerto Rico en dat wurdt noch in drege put.