Debat: Fuort mei forinzetaks

28 aug 2012 - 23:41

De forinzetaks pakt min út foar Fryslân en moat gau fan tafel. Dat wie it stânpunt fan hast alle partijen tiisdeitejûn by in ferkiezingsdebat yn Ljouwert. Tiisdei die út sifers fan it ekonomysk buro fan de ING-bank bliken, dat Friezen, Drinten en Grinslanners fan alle Nederlanners de measte kilometers foar har wurk meitsje. PvdA-keamerlid Jacques Monasch kaam mei in oprop om dêrom de besunigings op de fergoeding foar wen-wurkferkear gau fan tafel te heljen. Sawol CDA, VVD as ChristenUnie fiele dêr wol foar, sa die bliken.

De PvdA warskôge yn de persoan fan Paul Ulenbelt dat soks noch net betsjut dat de forinzetaks echt ferdwynt. Hy wiisde op de keamermearderheid dy't der koartlyn wie foar it ôfskaffen fan de langstudearboete. De Keamer koe dêr gjin alternative besunigingsmaatregel foar fine en it foarstel om de boete te skrassen, helle it net.

It debat yn Ljouwert, dat organisearre wie troch de fakbûnen fan de FNV, luts in lytse 100 belangstellenden.

Trefwurden: 
FNV Debat forinzetaks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)