Belesting op kabels Opsterlân

28 aug 2012 - 18:57

De gemeente Opsterlân is fan doel om belesting te heffen op kabels en liedingen. De saneamde prekariorbelesting wurdt al troch sa'n 40 oare gemeenten yn Nederlân brûkt, wêrûnder Hearrenfean. De gemeente Opsterlân ferwachtet dat de maatregel jierliks 1 miljoen euro yn it laadsje bringe sil. Dit moat opbrocht wurde troch de bedriuwen dy't de kabels lizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)