Tinkstien foar fiskers

28 aug 2012 - 17:12

Yn Harns is tiisdeitemiddei in monumint ûntbleate foar alle beropsfiskers dy't troch de jierren hinne omkaam binne op see. Fiskjen op see is net sûnder risiko. Troch de jierren hinne binne der fiif Harnzer fiskerlju omkaam.

Al jierren waard tocht om in monumint foar de slachtoffers del te setten. Om finansjele redenen barde dat net. No mei help fan sponsors is der einlik wol jild foar in tinkstien. Neibesteanden wiene by de ûntbleating fan 'e stien yn 'e Harnzer haven oanwêzich.

Trefwurden: 
fiskers tinkstien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)