Krimp: mear gearwurkje

13 des 2011 - 11:34

Ljouwerteradiel, Menameradiel en It Bilt wolle mei trije oare gemeenten prate oer gearwurking. Dat binne Frjentsjerteradiel, Harns en Littenseradiel. Earder foel Ferwerderadiel ôf dy't net fierder gearwurkje wol. Der is dêrnei nij ûndersyk dien. Dêr docht út bliken dat de gearwurking him mear rjochtsje sil op oplossings fan problemen lykas bygelyks de krimp.

Oant no ta is de gearwurking tefolle oer praktyske saken gien, sa docht bliken út it ûndersyk. No wurdt ek mear sjoen nei oplossings foar maatskiplike problemen lykas de krimp en it mooglik minder wurden fan foarsjennings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)