Ungelok mei trije auto's
Yn it Leechlân by Warten hat krekt nei fjouweren in ûngelok plakfûn mei trije auto's. Ien fan de auto's is dêrby yn it wetter telâne kaam.
Ut foarsoarch waarden dûkers fan de brânwacht oproppen en is de traumahelikopter ynskeakele. Uteinlik foel it ta. Ien persoan rûn lichte ferwûnings op oan de nekke.