Lieuwe Westra nei WK

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is selektearre foar it WK hurdfytsen yn septimber yn Limboarch. Bûnscoach Leo fan Vliet hat Westra oanwiisd om de tiidrit te riden. Oft er ek oan de wedstriid op de dyk meidwaan mei, is noch net bekend. Van Vliet hat dêr noch net de hiele seleksje fan bekend makke.
Foar de wedstriid op de dyk binne fjouwer hurdfytsers wis fan dielname. Dat binne Bauke Mollema út Ljouwert en fierders Niki Terpstra, Lars Boom en Robert Gesink.