NL-keatsers nei finale
It Nederlânske team fan it ynternasjonaal spul hat troch in 6-2 oerwinning tsjin Spanje de finale helle. De keatsers Michel van der Veen, Gert Jan Meekma, Hendrik Kootstra, Feiko Broersma en Tjisse Steenstra komme aanst om healwei fiven yn de finale út tsjin België.
De Belgen wûnen harren heale finale mei 6-4 fan Italië dat aanst tsjin Spanje om it tredde plak spilet. Nederlân moat yn de finale tsjin België en dêr hawwe de Belgen wûn.