NL-muorrekeatsers gean troch

28 aug 2012 - 14:25

It Nederlânske keatsteam hat tiisdei op it WK yn Frjentsjer de achtste finale berikt yn it muorrekeatsen. Nederlân wûn yn pûl A twa kear, fan Italië en fan Fenezuëla en it team ferlear fan Meksiko.

De sfear sit der goed yn op it WK. In mingeling fan nasjonaliteiten lykas Italiaansk, Meksikaansk en Kolombiaansk soarget foar in soad temparemint en spanning. De earste Nederlânske wedstriid, moandeitejûn, luts mear as hûndert man publyk.

Op it WK wurde keatswedstriden yn ferskate farianten spile, lykas it Frysk spul, it muorrekeatsen, it Llargues en it ynternasjonaal spul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)