Ferkearskontrôle op Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
By in grutte ferkearskontrôle op 'e Ofslútdyk hat de plysje moandeitemoarn trije rydbewizen yn beslach naam en njoggentjin bekeurings útdield. De rydbewizen dy't ynnaam waarden, binne fan hurdriders dy't mear as 50 kilometer te hurd gienen. In 54-jierrige man út It Hearrenfean ried sa hurd en boppedat ried er troch read ljocht dat er him melde moat foar in kursus oer ferkearsregels.
De boetes wiene benammen foar te hurd riden en beljen ûnder it riden.