Ungelok yn Bontebok troch kat

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 19-jierrige bromfytsster út Jubbegea is moandeitejûn ferwûne rekke doe't se útwykte foar in kat. De jonge frou ried oer de Twadde Kompanjonswei yn Bontebok, doe't it bist samar ynienen oerstuts. De brommerrydster besocht de poes noch te ûntwiken, mar kaam dêrby te fallen.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht om har behannelje te litten oan klachten oan 'e holle en 'e skonk.