Ynbraak yn Opsporing Verzocht

De webside fan Opsporing Verzocht
De saak fan de ynbraak yn de Anjerlierstrjitte yn Harns, dêr't snein de 88-jierrige bewenster by ferstoar, komt tiisdeitejûn yn it lanlike televyzjeprogramma Opsporing Verzocht. Der is benammen omtinken foar de sieraden dy't stellen binne. Foto's fan de sieraden binne ek op de webside Dader Gezocht te sjen.
De frou ferstoar sneintemoarn flak nei de ynbraak oan in hertstilstân. De ynbrekker wie deryn kaam troch in kaai te brûken dy't bedoeld is foar de thússoarch. De dieder hie it kastje dêr't de kaai yn siet iepenmakke mei in brekizer.
Neffens de plysje giet om de tredde ynbraak yn Harns dêr't in kastje by iepenbrutsen is.