Winst DE helte minder wurden

28 aug 2012 - 09:31
  • Douwe Egberts

De winst by DE Masterblenders, it eardere Douwe Egberts, is yn it ôfrûne boekjier mei 150 miljoen ôfnaam. Dêrmei is de winst mear as troch de helte gien. Dat leit ûnder oare oan de hegere prizen foar kofje en tee. De ôfsplitsing fan memmebedriuw Sara Lee hat ek in soad jild koste. Boppedat koste de grutte fraude dy't earder dizze moanne ûntdutsen waard by it Braziliaanske dochterbedriuw it bedriuw nochris 3 miljoen euro ekstra.

De omset fan DE gie lykwols wol omheech. It bedriuw hat ûnder oare in grut fabryk op De Jouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)