Twa oerfallen yn Ljouwert

13 des 2011 - 10:05

Yn Ljouwert binne moandeitejûn in tankstasjon en in fideoteek oerfallen. De wapene oerfal op it tankstasjon oan de Harnzerstrjitwei mislearre nei't de meiwurkster de oerfaller fan 16 oant 18 jier sei dat hy fuortgean moast en dat se de plysje belje soe. Dat holp, de oerfaller naaide út. Der is nei him socht, mar de man is net fûn.

In oerfal op in fideoteek oan de Foarstreek, efkes letter op de jûn, slagge wol. De oerfaller bedrige de meiwurker mei in wapen en naam in tas fol jild mei. De man fytste fuort de kant fan it Hoeksterpaad út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)