Net fiskje yn part Noardsee

13 des 2011 - 07:35

In part fan de Natura 2000-gebieten yn de Noardsee binne fan tiisdei ôf ferbean gebiet foar fiskerij dy't de seeboaiem rekket. Steatssekrataris Bleker tekenet dêr in akkoart oer mei natuerorganisaasjes en de fiskerijsektor. Tenei is it ferbearn om by de Waadeilannen foar de Noardseekust te fiskjen.

De fiskerij-organisaasjes tekenen it akkoart om't se gjin oare kar hawwe. Der is twa miljoen euro beskikber om de pine by de fiskers wat te ferminderjen. Dat jild wurdt brûkt om te ûndersykjen of't de garnalefiskers skea oanbringe oan de seeboaiem. Want der stiet de fiskers noch folle mear te wachtsjen. Yn 2013 moat der op 'e nij in fergunning oanfrege wurde foar it fiskjen yn de Waadsee.

Trefwurden: 
Natura 2000 fiskerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)