Spoar nei Grins fernijd

27 aug 2012 - 14:14

De mega-operaasje om goed 14 km spoar te ferfangen tusken Ljouwert en Grins is dit wykein úteinset op it Fryske trajekt. Reizgers moatte mei de bus fan Ljouwert nei Bûtenpost. Der wurdt non-stop wurke om it spoar, dat ferâldere is, te fernijen.

ProRail is moandei mei oannimmer Strukton oan de gong by Tytsjerk mei in spesjale wurktrein fan 400 meter lang. Hy pakt tritich houten dwerslizzers tagelyk op en ferfangt dy troch betonnen. De spoarstaven, de rails, wurde ek fernijd.

It spoar tusken Ljouwert en Grins is op in soad plakken oan fernijing ta. It wurk duorret noch oant en mei takom snein. Op moandei 3 septimber moatte de treinen wer ride kinne. It wurk leit op skema, al wie it mei de ôfwikseljend hite en wiete riten fan de lêste wiken wol wat dreger foar de hûnderten wurklju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)