Steuring ynternetbankieren

De Friesland Bank hat problemen hân mei ynternetbankieren. In kompjûter fan de bank is yn de nacht fan sneon op snein troffen troch in stroomsteuring. Dêrtroch wie ynternetbankieren foar guonts net mooglik. Oaren koene wol op de webside komme om banksaken te regeljen. It probleem kaam pas moandei yn syn hiele hear en fear oan it ljocht.
De kompjûters by de bank binne opnij opstart. De steuring wie moandeitemiddei om kertier oer tolven foarby.