Brânstofdief pakt yn Grou

© Google Streetview
In man fan 45 jier sûnder fêst wenplak hat sneintenacht besocht yn te brekken yn in bedriuw oan de Biensma yn Grou. De plysje waard alarmearre doe't it alarm fan it bedriuw ôfgie. By oankomst waard de auto fan de man oantroffen, mei dêryn in jerrycan, slankjes en ynbrekkersark. De man sels waard net fûn.
Even letter seagen plysjes him riden. Hy koe doe oppakt wurde. De man is fêstset foar fierder ûndersyk. Syn auto en it ynbrekkersark binne yn beslach naam.