Famyljerûzje op camping

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In famyljerûzje op in camping oan it Kupersleantsje yn Terherne is snein misrûn. In 32-jierrige man út Zwolle begûn om him hinne te slaan en dielde hurde klappen út. Dêrnei brocht er de auto fan in famyljelid skea ta.
De man naaide dêrnei út nei Zwolle. Dêr is er troch de plysje oanhâlden. Trije famyljeleden hawwe oanjefte tsjin de man dien.