Bierkratten stellen by bedriuw

27 aug 2012 - 10:49

In 41-jierrige man út Easterwâlde is sneintemiddei oanhâlden nei't er bierkratten stellen hie. Tsjûgen seagen dat de man de kratten fuorthelle by in bedriuw oan de Ploeggang.

Plysjes seagen de man oer de Venekoterwei fytsen. Doe't de man de plysjes seach, sprong er fan de fyts en naaide er út. Nei in koarte efterfolging koe de plysje de man oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)