Dôfhûdige Ljouwerters pakt

27 aug 2012 - 10:32

De plysje yn Ljouwert hat snein in 21-jierrige bestjoerder foar de fiifde kear oanhâlden om't er sûnder rydbewiis achter it stjoer siet. Plysjes seagen de man riden op it Súdfliet en setten him oan de kant. Hy joech earst in falske namme op, mar de plysje leaude him net. De Ljouwerter hie ek noch kokaïne by him, sa die bliken.

Deselde jûn wie op de Noarderwei in oare dôfhûdige man de klos. De 22-jierrige Ljouwerter waard foar de twadde kear binnen 48 oeren oanhâlden om't er mei drank op en sûnder rydbewiis op 'e brommer ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)