Osinga wint yn Ljouwert

26 aug 2012 - 16:57

De frije formaasjehaadklassepartij yn Ljouwert is snein wûn troch it partoer fan Maaike Osinga, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale waard mei 5-1 en 6-4 wûn fan Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma.

De lytse preemje gong nei Iris van der Veen, Imke van der Leest en Aukje van Kuiken. Dêr naam Van der Veen it plak yn fan Marije Hiemstra dy't ôfheakje moast nei in blessuere.

Trefwurden: 
froulju keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)