De Groot wint Van Aismapartij

26 aug 2012 - 16:40

De Van Aismapartij yn Bitgum is snein foar de twadde kear op rige wûn troch it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. Yn de finale waarden Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ienfâldich mei 5-2 en 6-6 oan 'e kant set. Benammen foar Iseger, dy't al jierren wachtet op syn earste oerwinning yn Bitgum, wie it in soer ferlies.

Renze Pieter Hiemstra waard útroppen ta kening. De lytse preemje wie foar Pieter van Althuis, Michel van der Veen en Hans Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)