Wetteroerlêst by Werpsterhoeke

26 aug 2012 - 15:33

It ferkear by de Werpsterhoeke besuden Ljouwert hat lêst fan wetteroerlêst. By swiere buien kin it wetter net fuortkomme. Sûnt sneintemiddei tolve oere is ien rydstrook ôsletten. It ferkear kin der noch wol del, mar oer ien baan. In ferkearsynspekteur fan Rykswettersteat hâldt de situaasje yn 'e gaten. It is noch net bekend hoelang't de ôfsluting duorret.

By de Werpsterhoeke fine op 't heden grutte grûnwurksumheden plak. De T-splitsing wurdt omboud fanwege de nije súdlike rûnwei De Heak om Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)