Smoardronken bestjoerder pakt

© Omrop Fryslân
Omstanners hawwe sneontenacht op 'e Harkema in dronken autobestjoerder fan 19 jier oanhâlden. De jongeman út Muntsjesyl slingere sa bot mei de auto dat in fuotgonger oan 'e kant springe moast. Dêrnei ried er dwerstroch in stek hinne. Doe't er mei de auto fêst kaam te sitten, besocht er fuort te rinnen.
Omstanners hawwe de man pakt en oan de plysje oerdroegen. De man moast syn rydbewiis ynleverje en hy krige in proses-ferbaal. Hy krige boppedat in rydferbod fan tolve oeren.