SC Hearrenfean net foarby AZ

26 aug 2012 - 14:21

Yn in spannende wedstriid hat SC Hearrenfean snein 0-0 lykspile tsjin AZ. De ploech fan trainer Marco van Basten spile in knappe wedstriid yn Alkmaar, mar echt grutte kânsen bleaunen út. Oan de kant fan AZ wienen der ek in pear lytse kânskes, mar keeper Nordfeldt hold syn doel mei in pear goede reddings skjin.

Yn de slotfaze wie Hearrenfean yn it foardiel, neidat AZ-spiler Gudmundsson de reade kaart krigen hie foar in oertreding op Marten de Roon. De Feansters wisten lykwols net optimaal te profitearjen fan de man-mear sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)