Mei bierglês yn gesicht slein

26 aug 2012 - 13:52

Yn Drachten binne sneontenacht in man fan 21 jier út Drachten en ien fan 20 jier út Almere oanhâlden fanwege mishanneling. De twa feroarsaken problemen yn in kroech oan de Noardkade.

De man út Almere hie in 21-jierrige man út Koartehimmen mei in bierglês yn it gesicht slein. Omdat de Drachtster dêr ek belutsen by west hie, moast dy ek mei nei it buro. Se binne fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)