Start WK keatsen yn Frjentsjer

26 aug 2012 - 11:09

Yn Frjentsjer is snein offisjeel it wrâldkkampioenskip keatsen begûn. Der dogge 18 ferskillende nasjonale teams mei. Njonken sân Europeeske lannen komme der ek keatsers út alve Midden- en Súd-Amerikaanse lannen. Der wie in soad belangstelling foar de searemoanje.

By it WK wurdt der keatst mei fjouwer ferskillende spulsoarten: Llargues, ynternasjonaal spul, muorrekeatsen en it Fryske keatsen. Der dogge by dit WK foar it earst ek froulju mei.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)