VVD op kampanje yn Ljouwert

26 aug 2012 - 09:30
  • Fred Teeven op kampanje foar VVD yn Ljouwert

Demisjonêr steatssiktaris Fred Teeven fan de VVD is snein op kampanje yn Ljouwert. Teeven sjucht ûnder oare yn de Prinsetún om mei wettersporters te praten oer feilichheid op it wetter. Dan giet it bygelyks oer ynbraken yn boaten. Dat is rûnom op it wetter in probleem, en ek yn de Prinsetún.

Teeven giet fierder ek de binnenstêd fan Ljouwert yn en praat mei kollega-VVD-ers oer it tema feilichheid. Belangryk ferkiezingspunt foar de partij is de oprjochting fan in nasjonale plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)