Dûbelslach Lieuwe Westra

25 aug 2012 - 21:55

Lieuwe Westra hat yn de Ronde fan Denemarken in moaie dûbelslach makke. De hurdfytser fan De Tynje wûn mei oermacht de tiidrit oer 14,5 kilometer yn Kerteminde. Hy hie 19 sekonden foarsprong op de nûmer twa, de Brit Geraint Thomas. De Noar Lars Petter Nordhaug rekke syn liederstrui kwyt oan Westra, omdat er mear as in minút stadiger wie as de Fries.

Snein begjint Lieuwe Westra yn de liederstrui oan de lêste etappe oer 165 kilometer fan Slagelse nei Frederiksberg.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)