Bobby Zwaagman jongeskampioen

Bobby Zwaagman waard op syn eigen thússkâns fan Drylts de nasjonale kampioen by de jonges. De fierljepper gong yn de lêste sprong syn maat Tom Hoekstra foarby: 17.80 om 17.56.
By de junioaren sloegen de Hollânske ljeppers foar master op. Alle fiif finalisten wiene fan de Polsstokbond Holland. Wilco van Amerongen út Benschop wie mei 19.35 fierwei de bêste. By de froulju waard Dymphie van Rooijen út IJsselstein mei 15.76 opnij kampioen. De Friezinnen Hilianne van der Wal (15.45) en Grytsje Abma (15.11) waarden twadde en tredde.