Finansjele stipe festivals

12 des 2011 - 19:42

De Stichting MuzThinc krijt tsientûzen euro subsydzje fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. It jild is foar de twadde edysje fan it klassyk festival CityProms yn Ljouwert. It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat ek in tal fûnsen op namme.

Ien dêrfan is it Dames Tiemersma Fonds. Dat rjochtet him op de ûntwikkeling fan talinten yn de muzyk en de tekstile foarmjouwing. Dana de Vries krijt dêr goed trettjintûzen euro út foar har sellostúdzje. Fierder is der jild foar de Biltse Jierappelwiken en foar de Stichting Internationaal Kamermuziekfestival Schiermonnikoog.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)