Kitesurfer swier ferwûne
Yn Hylpen is sneontemiddei in kitesurfer swier ferwûne rekke. De 51-jierrige man út it Dútske Frankfurt klapte nei alle gedachten troch in swiere wynpûster tsjin de dyk oan. Hy kaam dêrnei tsjin in stiennen daam oan.
De traumahelikopter hat de man nei sikehûs AMC yn Amsterdam brocht. De man is slim ferwûne oan it boppelichem.