Oanhâldings fanwege drank
By ferskate alkoholkontrôles hat de plysje fjouwer minsken in rydferbod oplein. De topper wie in man (54) út Moddergat. Hy blaasde 1265 ugl de liter útblaasde lucht, wylst 220 ugl de grins is. De man krige in rydferbod fan santjin oeren. Hy wie ek net fersekere en hie gjin rydbewiis.
Yn Drachten is in man (35) út dat plak oanhâlden. Hy woe net blaze en hie gjin rydbewiis. Syn auto is yn beslach naam. In man (23) út Feanwâlden is yn Ljouwert oanhâlden. Hy krige in rydferbod fan acht oeren en hy krijt boppedat in alkoholslot.