Kettingbotsing op A7

25 aug 2012 - 14:22

Op de A7 tusken It Hearrenfean en De Jouwer hat freedtemiddei in kettingbotsing west. Dêrby rekken trije minsken ferwûne, in 20 jierrige frou út Burgum, in 23-jierrige man út Snits en in famke fan 15 jier út Winschoten.

De auto's moasten troch de drokte ynienen remje. Om't se te ticht opinoar rieden, wie in botsing it gefolch. Der wiene ferskate auto's belutsen by it ûngelok. De slachtoffers binne mei pine yn 'e nekke en pine yn 't liif nei de sikehuzen fan Snits, Ljouwert en It Hearrenfean oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)