Sykaksje op Waadsee

Rêdingsboaten en in helikopter fan de Kustwacht hawwe sneon oan it begjin fan de middei socht om mooglike opfarrenden fan in lyts motorboatsje. De bemanning fan in frachtskip seach it lege boatsje yn de fargeul tusken Harns en Koarnwertersân en sloech alarm.
Der binne lykwols gjin minsken fûn. De oanhingmotor fan it boatsje wie kâld en der lei ek gjin guod lykas klean of tassen yn it boatsje. De Kustwacht giet der foarearst fan út dat it om in byboatsje giet dat losslein is.
It boatsje is meinaam en de syktocht is beëinige.