Autorider foar 10e kear pakt

Flitskontrôle © ANP
In 29-jierrige Ljouwerter is freedtejûn foar de tsiende kear trapearre op riden sûnder rydbewiis. Fjouwer fan dy kearen hie er ek tefolle alkohol dronken. Freedtejûn waard de man pakt doe't er in plysjekontrôle op de Anne Vondelingwei mei 115 op de teller foarbyried. Dêr mei net hurder riden wurde as 70 kilometer yn 'e oere.
De man is oanhâlden. Syn auto is yn beslach naam en hy krige in proses-ferbaal.