Minder besikers Open Stal

25 aug 2012 - 12:20

It keunstevenemint Open Stal yn Aldeberkeap hat dit jier goed sântûzen besikers lutsen. Dat binne hast fjouwertûzen minder as ferline jier doe't it 41e jubileum fierd waard. De organisaasje is tefreden mei it tal besikers fan dit jier. Ferline jier kamen der in soad minsken, mar de keunstwurken wiene net altyd goed te sjen.

Tema fan dit jier is taal en teken. Fan goed fyftich keunstners út binnen- en bûtenlân is wurk te sjen op ferskate plakken yn Aldeberkeap. Moarn is de lêste dei fan Iepen Stâl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)