Steuring by radio-ûntfangst

© Omrop Fryslân
De ûntfangst fan publike radiostjoerders yn it Noarden smyt problemen op. Yn in grut part fan Fryslân is Radio 1 net te ûntfangen. De ûntfangst fan Radio 2, 3FM en Radio 4 is ek fersteurd.
It probleem leit yn de tydlike stjoermêst yn Assen dy't ferline jier july delset is nei de grutte brân yn de stjoermêst fan Smilde Op 't heden wurdt wurke oan de weropbou fan dy mêst. Neffens in wurdfierder fan de Publike Omrop yn Hilversum is der in glêsfezelkabel nei de mêst stikkenlutsen. Dêrtroch komt it studiosinjaal net by de stjoermêst yn Assen.
Wannear't de steuring foarby is, is noch net bekend. De útstjoerings fan Omrop Fryslân wurde net steurd, omdat de stjoerder fan de Fryske omrop yn Jirnsum stiet.