Mei glês yn gesicht stutsen

25 aug 2012 - 10:23
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje fan Flylân moast freedtejûn yn aksje komme by in rûzje yn diskoteek De Stoep. In groep Ljouwerters hie spul krigen en se waarden de saak útset. Bûtendoar gie de rûzje fierder en dêrby rekken twa persoanen licht ferwûne. Ien fan harren, in frou fan 21 jier út Ljouwert, waard mei in bierglês yn it gesicht stutsen. Se is behannele troch de dokter.

De plysje ûndersiket de saak. Der binne noch gjin oanhâldings dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)