Minder rinners by Kennedymars

It oantal dielnimmers oan de sechsde Kennedymars yn Wâlterswâld hat dit jier wat te lijen fan de fakânsjeperioade. De boufak is yntusken dien, mar de skoalfakânsjes noch net. Dêrtroch is it oantal dielnimmers mei ûngefear 350 wat minder as oare jierren. De dielnimmers oan de Kennedymars rinne mar leafst 80 kilometer troch Noardeast Fryslân.
Nij is dit jier ek in koartere nachtmars fan 25 kilometer. De start wie freedtejûn om tsien oere by it doarpshûs yn Wâlterswâld. De earste rinners wiene sneon om acht oere werom.